Drama nei ûngelok op Kuba

21 jun 2008 - 17:03

De famylje yn Ljouwert hat ûnterjochte in wike lang tocht dat har 32-jierrige soan Jaap Leegstra omkommen wie by in ferkearsûngelok op fakânsje yn Kuba.

Op in tocht oer it eilân kaam de auto fan Leegstra en syn maat yn botsing mei in buske. De Kubaanske sjauffeur kaam om it libben. De famylje Leegstra krige te hearren dat ek har soan ferstoarn wie en dat syn freon Danny Hemstra yn koma lei. Syn famylje reizge nei Kuba ôf, mar ûntduts dêr dat der in dramatyske flater makke is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)