Iepen dei soarchbuorkerijen

28 Soarchbuorkerije dogge mei
Der dogge sneon 28 soarchbuorkerijen mei oan in lanlike iepen dei. It giet om buorkerijen dy't oansletten binne by de Vereniging Zorgboeren Fryslân. In soarchbuorkerij is yn it foarste plak in boerebedriuw, mar minsken kinne der ek arbeidstrening krije of ûnder begelieding wurkje.
Besikers binne minsken mei in ferstanlike beheining of ADHD, mar it kin ek gean om probleemjongeren of minsken mei in burn-out. Yn it hiele lân dogge mear as 200 bedriuwen mei.