Jirnsum yn aksje om spiersykte

It is sneon Wereld-ALS-dei
Yn Jirnsum wurdt sneon mei ferskate aktiviteiten jild ynsammele foar ûndersyk nei de spiersykte ALS. Dat bart tagelyk mei it midsimmerfeest yn it sintrum fan it doarp. Ek jûns binne der noch aktiviteiten.
It is sneon Wereld-ALS-dei. Yn Jirnsum wurdt dêr oan meidien, omdat in âld-ynwenner fan it doarp troffen is troch de sykte. Doel is net allinnich om jild yn te sammeljen foar ûndersyk, de stichting ALS Nederlân wol ek mear bekindheid jaan oan de sykte.