Man falt yn parkeargaraazje

21 jun 2008 - 14:25

In 20-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn de parkeargaraazje oan it Geert Willigenplein.

Hy foel fan in muorke fiif meter nei ûnderen. De man rûn ferskate ferwûnings op. Hy is mei de ambulânse nei sikehûs de Tjongerskâns brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)