Schuil/Nummerdor fierder

Beachvolleyballer Richard Schuil
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert hat mei syn maat Reinder Nummerdor de kwartfinale berikt fan it Grand Slamtoernoai yn Parys.
It Nederlânske duo wûn yn de twadde ronde yn trije sets fan it Eastenrykse duo Clemens Doppler en Peter Gartmayer. Schuil en Nummerdor binne yn it Grand Slam yn Parys, ûnderdiel fan de Wrâld Tour, as fjirde pleatst. Sy spilje yn de kwartfinale tsjin it Amerikaanske duo Matthew Fuerbringer en Casey Jennings.