Milan Kopic nei SC Hearrenfean

Milan Kopic yn it Abe Lenstra stadion
De Sc_Hearrenfean hat de Tsjech Milan_Kopic oanlutsen. De 22-jierrige ferdigener hat in kontrakt foar fjouwer jier tekene. Kopic is in linkspoat, dy´t as sintrale ferdigener en as linksback út de fuotten kin. De jeugdynternasjonal komt oer fan Mlada_Boleslav, in ploech út de Tsjechyske kompetysje.
Kopic is de twadde Tsjech yn de seleksje fan de Feansters. Yn it ôfrûne seizoen waard Michael_Svec al oanlutsen.