Breuer ferlingt kontrakt

Michel Breuer oant 2012 by It Fean
Sportclub Hearrenfean hat it kontrakt fan ferdigener Michel Breuer iepen brutsen en ferlingd oant midden 2012. Dat is freed bekend makke troch de club. It besteande kontrakt rûn noch oant de simmer fan 2009.
De 28-jierrige Breuer spilet sûnt fjouwer seizoenen foar Hearrenfean en kaam dêryn ta 112 wedstriden. Derfoar spile hy fiif jier foar Excelsior út Rotterdam.