Nij gemaal by Skûlenboarch

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân nimt nije wike moandei by Skûlenboarch in nij gemaal yn gebrûk. It gemaal moat yn tiden fan droechte soargje foar wetter yn in gebiet fan 900 hektare om Skûlenboarch hinne. It wetter wurdt út in sânwinput yn it gebiet helle.
Neffens it wetterskip sit dêr genôch grûn- en reinwetter yn om it gebiet yn 'e simmer fan wetter te foarsjen. Earder moast dat wetter út de Iselmar helle wurde.