Ynwenners moatte heard wurde

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Achtkarspelen wol net dat de harkkommisje yn de gemeente ferdwynt. By de kommisje kinne ynwenners har beswieren tsjin bouplannen taljochtsje.
Boargemaster en wethâlders woene earder de kommisje opheffe omdat der amper gebrûk fan makke wurdt. Neffens de polityk is de harkkommisje in lêste fangnet foar de ynwenners en sil sûnder de kommisje de ôfstân tusken ynwenners en gemeente grutter wurde.