Opsterlân tefreden oer WMO

19 jun 2008 - 20:03

De ynwenners fan de gemeente Opsterlân binne tefreden mei de WMO-foarsjennings. Sa is hast hûndert persint tefreden mei de help by it húshâlden. Dat docht bliken út in ûndersyk, dêr't 323 ynwenners oan meidien hawwe.

De ynwenners koene sifers jaan. Sa joegen se in 7,9 foar in brûken fan helpmiddels, sa as in rolstoel. Opsterlân skoart boppe it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)