Tellens wint miljeupriis

© Omrop Fryslân
Zorggroep Tellens fan Boalsert is de meast miljeubewuste soarchorganisaasje fan Fryslân. De ynstelling wûn tongersdei de 'Zorg voor milieu' priis. Dy waard dit jier foar it earst útrikt troch de provinsje Fryslân.
Neffens in sjuery besparret Tellens optimaal enerzjy, troch bygelyks ljochten by bewenners fan de fersoargingshuzen te ynstallearjen dy't allinnich oangean as der minsken binne.