CNV hat soargen oer Philips

Nei it ferdwinen fan de ferpakkingsôfdieling driget Philips-Drachten op termyn ek de folsleine distribúsje kwyt te reitsjen. Dêrfoar warskôget fakbûnsbestjoerder Piet Fortuin fan de CNV-Bedrijvenbond. Tongersdei is bekend wurden dat it ferpakken ferhuzet nei in lân dêr´t de leanen leger lizze: nei alle gedachten Hongarije.
Neffens it fakbûn ferlieze dêrtroch hast fyftich fêste minsken en nochris hûndert útstjoerkrêften harren baan.