´Kom mei bus nei fleanbasis´

19 jun 2008 - 15:16

De fleanbasis Ljouwert ropt besikers fan de iepen dei op om safolle mooglik gebrûk te meitsjen fan it iepenbier ferfier om yn Ljouwert te kommen. De A31 tusken Ljouwert en Dronryp is freed en sneon by Marsum ôfsletten. Ek fan de dyk fan Ljouwert nei Hurdegaryp is ien baan ôfsletten.

Op dizze stikken dyk kinne besikers harren auto parkeare. Foar de trochstreaming nei de fleanbasis is it wichtich dat der sa min mooglik auto´s yn de stêd ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)