Tabaksfabryk bliuwt op´e Jouwer
It tabaksfabryk fan Imperial_Tobacco op ´e Jouwer bliuwt iepen. It Britske concern makke tongersdei bekend dat de kommende jierren yn Europa meiinoar sawat 2500 banen skrast wurde, foaral yn Frankryk en Spanje.
De festiging op ´e Jouwer, dêr´t ûnder oare Drumsjek makke wurdt, bliuwt bûten skot.