Ynpakôfdieling Philips ticht

Philips slút de ferpakkingsôfdieling en in part fan it distribúsjesintrum yn Drachten. Dêrtroch reitsje yn totaal sa´n 70 minsken harren baan kwyt. It bedriuw is fan doel de aktiviteiten yn 2009 nei East-Europa te ferpleatsen. It persoaniel is tongersdeitemoarn op ´e hichte brocht fan it nijs.
Op de ferpakkingsôfdieling wurde jierliks miljoenen skearapparaten ynpakt. Dat bart foar in grut part mei de hân. Om´t dat djoer is, wurdt it fer