'Speedboatfertochte gau frij'

19 jun 2008 - 11:14

Advokaat Van_der_Meer fan it buro Anker en Anker wol besykje syn kliïnt, de fertochte by it speedboatdrama by Grou, sa gau as mooglik frij te krijen. Hy hat dêrta in appèl yntsjinne. By de oanfarring op it Prinses_Margrietkanaal by Grou, in lytse twa wike lyn, kaam Sjoerd_Schuurmans (42) út Jellum om it libben.

De rjochter hat woansdei bepaald dat de beide fertochten noch 30 dagen langer fêstsitten bliuwe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)