Fytsers ferwûne by oanridingen

19 jun 2008 - 10:12

Woansdei ha trije ûngelokken plakfûn dêr´t fytsers by belutsen wiene. Yn Drachten rekke in frou (68) út dat plak licht ferwûne by in oanriding mei in auto fan in man (24) út Drachten. De automobilist naam de binnenbocht. Yn Frjentsjer rekke in frou (80) út dy stêd ek licht ferwûne doe´t se fan it hiem fytse woe. Se waard oanriden troch de buorman.

En op It_Hearrenfean foel in fytser (35) yn de stasjonstunnel, neidat syn jas yn it tsjil telâne kaam wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)