Oane Galama wint ljepperij

Fierljepper Oane_Galama fan It_Heidenskip hat woansdeitejûn de ljepperij wûn op De_Jouwer. Mei in sprong fan 17.53 bleau er Thewis_Hobma (17.43) en Thomas_Helmholt (17.09) foar.
Opfallend wie dat trije junioaren fierder sprongen as winner Galama by de senioaren. Jacob_Scherjon wie mei in skânsrekord fan 18.32 de bêste junior. By de froulju wie Anna_Jet_Leyenaar de bêste (14.66) en by de jonges wûn Hans_Ulco_de_Boer (16.19).