Postma giet no al nei Sina

18 jun 2008 - 17:36

Siler Pieter-Jan_Postma fan Terkaple is de earste Nederlânske sporter dy´t ôfreizget nei de Olympyske Spullen yn Sina. Postma is woansdei yn it fleantúch stapt. De sylwedstriden binne yn Qingdao, sa´n twa oeren fleanen fan Peking.

Ek Jacco_Koops fan It_Hearrenfean, trainer fan 470-sylsters Marcelien de Koning en Lobke_Berkhout, is ûnderweis nei Sina. De Fryske Yngling-froulju binne noch net wis fan it meidwaan oan de Olympyske Spullen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)