Mear minsken yn bus en trein

© Omrop Fryslân
It tal reizgers mei it iepenbier ferfier yn Fryslân is it ôfrûne jier mei 10 persint tanommen. Yn it noarden en it súdwesten fan Fryslân, dêr't Connexxion rydt, wie dy groei sels 23 persint. Dit komt benammen omdat Connexxion mear busritten útfiert. Dit blykt út sifers fan 'e provinsje.
Yn de treinen fan Arriva naam it tal reizgers mei 5,7 % ta. De treinen kamen yn 95 % fan 'e gefallen op tiid. In jier lyn wie de skoare noch 91,7 %.