'Fideolearlingen' Frysk slagge

18 jun 2008 - 11:42

Njoggen vmbo-learlingen út Snits, Koudum en Balk binne slagge foar it fak Frysk. De learlingen út Balk en Koudum hienen gjin dosint yn de klasse mar krigen les mei fideo-conference.

Dosint Reitze Jonkman joech út Snits wei les mei in kamera en koe de learlingen út beide oare plakken op in skerm sjen. Foar 'echt' kontakt kamen alle learlingen trije kear byinoar. Neffens dosint Reitze Jonkman is fideoconference in útkomst foar lytse skoallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)