Minder lûdsoerlêst fleanbasis

Minder klachten by fleanbasis Ljouwert
Der binne yn it ôfrûne jier minder klachten binnenkaam by de fleanbasis Ljouwert oer lûdsoerlêst as yn de jierren dêrfoar. Mei-inoar kamen der yn 2007 mar 155 klachten binnen. Yn 2006 wiene dat der noch goed 520.
Neffens de fleanbasis komt dat ûnder oare trochdat der gjin iepen dagen wiene. Ek wie der yn 2007 gjin grutte oefening lykas Fryslân Flag. Troch in NAVO-evaluaasje wiene de fleaners sels fiif wiken lang yn Eindhoven. Yn Ljouwert waard doe net flein.