Krisis om brede skoallen

Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim
As der yn novimber gjin helber plan leit foar brede skoallen yn Akkrum en Grou, dan stapt it gemeentebestjoer fan Boarnsterhim op. Ferline wike makke it kolleezje bekend dat der gjin jild is om de plannen foar de brede skoallen út te fieren.
De opposysje leaut der al net mear yn, mar fan PVDA en CDA krijt it gemeentebestjoer noch de kâns om mei in oanpast plan te kommen. Want oars is der 5 miljoen om 'e nocht ynfestearre en 12 jier foar neat praat.