De Haan ferlingt kontrakt

17 jun 2008 - 17:00

Foppe_de_Haan tekent sa goed as wis ynkoarten in nij kontrakt by it fuotbalbûn KNVB. De nije oerienkomst rint oant de simmer fan 2009. Neffens KNVB-direkteur Henk_Kesler binne beide partijen it yn grutte linen iens oer de ferlinging. Yn de simmer fan 2009 wurdt it EK foar alvetallen ûnder 21 jier yn Sweden spile.

Foppe wûn de Europeeske titel mei Jong Oranje yn 2006 en 2007. Yn augustus doch hy mei it Olympysk alvetal mei oan de Olympyske Spullen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)