Mplooi krijt in miljoen euro

© Omrop Fryslân
De oplieding MPlooi yn Ljouwert krijt in miljoen euro fan it Platform Beroepsonderwijs. It jild is bedoeld foar it ûntwikkeljen fan in mbo-ôfdieling op de skoalle. MPlooi is ferline jier begûn mei in tredde klasse vmbo. De skoalle is ûntstien út in gearwurking fan skoallemienskip Piter_Jelles en it Friesland_College.
De skoalle is bedoeld om de oergong fan vmbo nei mbo makliker te meitsjen.