Pjutten foarearst yn bibleteek

© Omrop Fryslân
Der wurdt foarearst noch net begûn mei de bou fan in nij ûnderkommen foar de pjutteboartersseal op 'e Harkema. Dat soe komme oan de Fiifhuzen, op it plak dêr't ek it âlde gebou stie. Dat is yntusken sloopt.
De bou is útsteld omdat it pjutteboarsterplak mooglik in plakje krijt yn in nij bernesintrum dat op 'e Harkema komme moat. De plannen dêrfoar wurde op dit stuit útwurke. De pjutten sitte salang yn de eardere bibleteek yn it doarp.