Hite lucht tsjin ûnkrûd

16 jun 2008 - 22:15

Yn Dantumadiel wurdt dizze wike begûn mei it ûnkrûdfrij meitsjen fan de stoepen mei help fan hite lucht. De plant wurdt fan alle kanten mei hite lucht bestookt wêrnei´t er deagiet. It materiaal dêr´t mei wurke wurdt, is te ferlykjen mei in föhn of in farvebrander.

De metoade wurdt brûkt om´t der hyltyd strangere regels komme foar it brûken fan gemyske middels tsjin ûnkrûd. Of it resultaat ek itselde is, moat noch ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)