Mear bussen nei Snits

© Omrop Fryslân
Snits sil yn de nije tsjinstregeling fan Connexxion in stik better berikber wêze. It bedriuw presintearre moandei de nije tsjinstregeling. Opfallende feroarings sitte benammen yn bussen dy´t ride op It_Bilt, yn Ljouwert en nei Snits. De oanslutings wurde better en der komme ekstra buslinen by.
It is de tredde kear dat Connexxion de tiden oanpast. Dit bart nei klachten fan reizgers. Foaral oer de berikberens fan Snits waard in soad klage.