Fryske ploegen nei finale

15 jun 2008 - 19:23

Trije Fryske hurdfytsploegen ha har pleatst foar it finalewykein fan de klubkompetysje op 13 en 14 septimber yn Dalen. Snein wie de sechsde en lêste wedstriid, de Westfriese Doarpenomloop , dy't meitelt foar dizze kompetysje. De wedstriid waard yn de massasprint wûn troch Roy Eefting. Theo Postma (Sweagerbosk) wie mei in fiifde plak de bêste Fries.

Otto Ebbens (De Westereen), De Friesche Leeuw (Ljouwert) en Olympia (It Hearrenfean) binne no finalist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)