Lieuwe Westra út koers

Lieuwe Westra nei fal út Delta Tour
Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein koe snein yn de lêste etappe fan de Delta Tour Seelân nei in falpartij net fierder.
Krekt foar in tuskenspint om sekonden foar it klassemint gong Westra, dy't heech yn it klassemint stie, op in rotonde mei hege snelheid ûnderút. Hy klapte tsjin in lantearnepeal en waard dêrnei oerbrocht nei it sikehûs. Lokkich die bliken dat der neat brutsen wie.