Man draacht pistoal yn broek

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige man út Twizelerheide is sneontejûn yn Noardburgum oanholden troch de plysje foar it yn besit hawwen fan in fjoerwapen. Neffens tsjûgen hie de man in fjoerwapen yn de broek.
Doe't de plysje him op de Ryksstrjitwei kontrolearre, die bliken dat er yndied in pistoal yn de broeksbân droech. De man is oanholden en foar fierder ûndersyk ynsletten.