Mishanneling yn Berltsum

© Omrop Fryslân
De plysje stelt in ûndersyk yn nei de mishanneling fan twa manlju en in frou yn in hoarekagelegenheid yn Berltsum. Snein om 02.00 oere hinne waard in famke (17) út Menaam by de mul pakt troch in ûnbekende man.
It famke en har freon wiene dêr net bliid mei en der ûntstie in wrakseling. Dêrby waarden ek in man (22) en in jonge (16) út Tsjummearum mishannele. Ek it famke rekke ferwûne en út de tiid. De slachtoffers binne nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht.