Oanriding yn Harns

15 jun 2008 - 14:17

Der hat sneontemiddei in oanriding plakfûn tusken in scooter en in auto op de Kimswerderwei yn Harns. De bestjoerder fan de scooter, in 16-jierrige jonge út Seisbierrum, seach te let dat in auto foar him ôfremme en botste achterop de auto.

Sawol de bestjoerder as syn passazjier, in 14-jierrich famke út Harns, rekken ferwûne en binne oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De 25-jierrige bestjoerder fan de auto út Harns kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)