Gordykster delstutsen

15 jun 2008 - 11:33

In 25-jierrige man út De Gordyk is sneintemoarn delstutsen yn syn eigen wenplak. In 33-jierrige man út De Gordyk en in 37-jierrige man út Easterein sitte fêst op fertinking fan poging ta deaslach.

De beide manlju hellen op de Stasjonswei in groep fytsers yn mei har auto. De fertochten remmen mei piipjende bannen, stapten út en stutsen de 25-jierrige Gordykster del. Hy is oerbrocht nei it sikehûs; syn sitewaasje is stabyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)