'Lestich fallen' troch fûgel

Slachtekuierders wurde yn Wommels 'lestich fallen' troch in pearse strúsfûgel. Hy hapt, praat en jout hantsjes. Hy is makke fan papier maché en is eigendom fan in strjitartyst.
Der rint ek in bline frou mei by de Slachte. Se fynt it net eng om sa'n ein te rinnen; se fertrout hielendal op har freondinne mei wa't se wol faker lange ôfstannen rint. Se genietet fan de muzyk en de goede sfear ûnderweis.