Oerol: Skylge krijt wurkteater

14 jun 2008 - 14:03

It eilân Skylge krijt in wurkteater op West. Dit betsjut dat der tenei it hiele jier troch oan Oerol-produksjes wurke wurde kin. No bart dat eins allinnich mei Oerol en yn de wiken foar Oerol. In eigen wurkteater is in âlde dream fan Joop Mulder, de artistyk lieder fan Oerol. Mulder makke dit freed bekend by de iepening fan it 26ste Oerol-festival.

It wurkteater krijt plak yn twa leechsteande loadsen op West, dy't fan de haadsponsor fan Oerol binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)