Kuierder ôffierd nei sikehûs

In Slachtekuierder is ôffierd nei it sikehûs mei slimme útdroegingsferskynsels. Dat barde sa'n 400 meter foar de finish by Raerd. Sa'n 400 minsken binne yntusken behannele by de EHBO-post, ûnder oare foar blierren.
De Slachtemaraton ferrint fierder sûnder problemen. It is ideaal waar om te rinnen: sinneskynwaar en sa'n 17 graden.