Plysjeman misledige

© Omrop Fryslân
Op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean is yn de nacht nei sneon in ynwenner (27) út dat plak oanholden op fertinking fan mislediging fan in plysjeman op in motor. De fertochte misledige de plysjeman in tal kearen op it momint dat dy lâns it kafee ried.
Omstanners bemuoiden har mei de oanhâlding fan de fertochte. Ien fan harren sloech de motorplysje dêrby hurd op syn helm. In tal portiers fan kafees yn de omjouwing hat de plysje holpen omstanners op ôfstân te hâlden.