Oanholden foar wapenbesit

14 jun 2008 - 12:26

Yn de Alde Doelesteech yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht fan freed op sneon in 16-jierrige ynwenner út de haadstêd oanholden. De fertochte wie yn it besit fan in mes. It mes kaam oan it ljocht neidat de fertochte troch in portier fan in kafee kontrolearre waard.

It mes is yn beslach naam en de jonge mocht nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal it plysjeburo wer ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)