Westerhof Oerolbaas yn 2009
Oeds Westerhof, de eardere direkteur fan Keunstwurk, wurdt tydlik saaklik lieder fan it Oerol-festival. Westerhof nimt de taak nei it festival fan dit jier oer foar in heal jier fan Janneke Starink. Dy hat dan swangerskipsferlof.
Westerhof wie earder ek kandidaat-Twadde Keamerlid foar de PvdA.