Alex van der Meer op kop

Alex van der Meer op kop
Hurdrinner Alex van der Meer út Wageningen rint mei de finish yn Raerd al sa'n bytsje yn sicht op kop yn de tredde Slachtemaraton. Hy hat syn foarsprong op de nûmer twa, Remon van Lunzen, wer fierder útwreide. Erik Negerman is útfallen mei kramp.
Van der Meer leit ek noch krekt ûnder it skema fan it parkoersrekôrd fan Kramer fan 2 oeren en 29 minuten út 2004.