Fjouwer koprinners Slachte

De kopgroep fan fjouwer man
Erik Negerman, Remon van Lunzen, Martin Ketellapper en Alex van der Meer binne de fjouwer koprinners yn de tredde edysje fan de Slachtemaraton foar hurdrinners. Se binne yntusken it 10 kilometer al foarby yn in tiid fan 35 minuten en 25 sekonden.Dêrmei rinne se wat achter op it skema fan 3.30 de kilometer.
Saher Yousef rint allinnich achter de kopgroep fan fjouwer en hie wat spul mei de organisaasje, omdat dy fûn dat Yousef gjin fytser by him ha mei.