Start Slachte mei fertraging

De Slachtemaraton foar hurdrinners is in lytse fiif minuten letter fan start gien as de bedoeling wie.
Oarsaak wie in auto fan de organisaasje op de startstreek, wêrfan de eigner net te finen wie. Dit joech argewaasje by de hurdrinners, want dy wolle sa koart mooglik stilstean.
Der is fuort in kopgroep ûntstien mei Erik Negerman, Alex van der Meer, Remon van Lunzen en Martin Ketellapper.