Simmer yn Fryslânnijsbrief los

Meld jo oan
Omrop Fryslân begjint op sneon 14 juny mei de fersprieding fan in deistige Simmer yn Fryslân-nijsbrief. Yn it nijsbrief stiet alle dagen in seleksje fan it wichtichste Fryske nijs en in oersjoch fan de programma's fan de omrop op radio en televyzje. It nijsbrief wurdt 7 dagen yn 'e wike oan 'e ein fan 'e middei ferstjoerd.
Mei yngong fan freed 13 juny kinne je je oanmelde foar it nijsbrief. Der binne gjin kosten oan ferbûn. As je je nocht ha kinne je je ek wer ôfmelde.