'Skeaklaim by Verburg'

13 jun 2008 - 14:05

Friesland Vlees tsjinnet in skeaklaim yn by minister Verburg as de slachterij it koart pleit wint dat it tsjin de bewâldsfrou oanspand hat.

It koart pleit tsjinne freed by de rjochtbank yn Den Haach. Friesland Vlees wol dat de minister útspraken rektifisearret dy't se earder die yn it programma Buitenhof. Dêr kundige de minister kontrôles oan by Friesland Vlees fanwege misstannen. Troch de útspraken hat it bedriuw in soad klanten en omset ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)