De Hoeve:mei 113 oer 60 km-dyk

Plysje mei in lasergun
Op de Finkegeafeartwei yn De Hoeve hat de plysje tongersdeitemiddei oan fjirtjin automobilisten in bekeuring útdield yn ferbân mei te hurd riden.
Op dizze dyk jildt in maksimum snelheid fan 60 km yn 'e oere. De heechste snelheid dy't metten waard kaam út op 113 kilometer. De kontrôle waard dien mei in lasergun. Allinnich minsken dy't twintich kilometer of mear te hurd rieden waarden op de bon slingere.