Metalen plaat froch foarrút

13 jun 2008 - 10:31

In ynwenner fan Grins is tongersdei op autodyk A7 by Drachten ferwûne rekke, doe't in metalen plaat troch de foarrút fan syn auto fleach.

Dat barde doe't in oare automobilist oer de plaat ried. De plaat lei midden op de sneldyk. De Grinzer is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't de plaat op de autodyk kaam is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)