Friesland Vlees easket ekskús

Friesland Vlees easket ekskús Verburg.
Slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert easket freed yn in koart pleit dat minister Verburg fan Lânbou har útspraken oer it bedriuw werom nimt.
Neidat de minister begjin april yn it televyzjeprogramma Buitenhof permaninte poartkontrôle oankûndige yn ferbân mei mooglike misstannen by it bedriuw waard der eins gjin fee mear oanfierd by it slachthûs yn Ljouwert. By de kontrôles waard neat bysûnders oantroffen.