Cambuur mooglik op sneon

© Omrop Fryslân
As it oan direkteur Alex Pama fan Cambuur leit, spilet Cambuur takom seizoen wer op sneontejûn. De ôfrûne jierren wie dat net mooglik, fanwege it tillevyzjekontrakt mei RTL. Dy stjoerder woe op freedtejûn in programma mei alle wedstriden út de earste divyzje. Mar RTL wol eins wol fan dat kontrakt ôf.
Stjoerder SBS 6 is mooglik yn de merk om it kontrakt fan RTL oer te nimmen. Foarhinne stjoerde SBS de earste divyzje ek al út.