Enerzjy-advys oan hûs

iisfrije friezers sparje enerzjy
Mear as 3000 húshâldings hawwe in besite hân fan in spesjale enerzjy-adviseur. Se krigen thús advys hoe´t se enerzjy besparje koene. Dizze adviseurs binne betelle troch provinsje en 14 Fryske gemeenten. De adviseurs gean mei de minsken it hûs troch en jouwe tips oer enerzjy besparjen.
Sparlampen sparje enerzjy, mar ek de friezer iisfrij hâlde en in sunige spielbak yn it húske. De adviseurs bliuwe ek de kommende tiid aktyf.